KNAW Repository

Tûkel-/toekelteammen: de stavering fan de lange en koarte [u] yn it Frysk

Sijens, H. (2012) Tûkel-/toekelteammen: de stavering fan de lange en koarte [u] yn it Frysk.

[img]
Preview
PDF
125Kb

Abstract

Ien fan de doelen fan de standertwurdlist fan de Fryske taal is om de krekte stavering fan sa'n 125.000 wurden te jaan. De staveringsregels moatte dêrfoar ûndûbelsinnich wêze en ek sa tapast wurde. De stavering fan it û-lûd jout dêrby swierrichheden om't der twa tekens foar ien lûd brûkt wurde. De regels foar de û/oe dy't de learboeken jouwe, lykje foar alle gefallen in oplossing te jaan, mar is it dêrmei klear? Yn dizze lêzing wurde de spesifike staveringsregels foar de û/oe fan 1879 neigien, û.o. ek yn it ljocht fan de fjouwer haadregels fan de Fryske stavering. Fierder wurdt besjoen hoe't de regels foar de û/oe yn 1945 en 1976 wizige binne en hoe't de wurd- en taalboeken dêr mei omgongen. It kin derop útdraaie dat de fraach steld wurde moat: û/oe-heden, wat in toekelteammen, hû no fierder?

Item Type:Lecture
Institutes:Fryske Akademy
ID Code:12382
Deposited On:18 Jun 2012 09:05
Last Modified:19 Jun 2012 08:27

Repository Staff Only: item control page