De direkte rede en it
wurdsje 'fan' yn sprutsen Frysk.
Oer it ginneraal wurdt
oannommen dat de direkte rede tsjinnet om oanhellingen letterlik wer te jaan. Guon
taalkundigen (Van Mulken 1999 en oaren) ha lykwols sjen litten dat soks faak
net it gefal is. Hja wize op sinnen lykas Se soene ek sizze kinne Jonges,
regelje dat no ris goed, of Hy hie sokssawat fan Harrebarre, wźrom moat
ik dat no wer dwaan. Yn ditsoarte gefallen is it net sa dat der in
letterlike oanhelling jūn wurdt fan wat in oar sein hat, al is de strekking
neffens de sprekker wol wat de oar bedoelde. Sokke direkte reden, al as net
letterlik sa sein, kin it wurdsje fan oan foarōfgean, lykas yn it
twadde foarbyld hjirboppe. Yn dit artikel sille guon grammatikale eigenskippen
fan ditsoarte konstruksjes foar it ljocht helle en besprutsen wurde. Ik sil
sjen litte, fierder borduerjend op Van der Kleij en Van Koppen (1997), dat de
direkte rede him as gehiel yn guon opsichten hāldt en draacht as in haad. [noat
1]
1. Ymplisite rede, direkte rede,
yndirekte rede.
1.1. Ymplisite rede
Wat in sprekker seit, is
trochstrings foar rekken fan himsels. Stel: wy ha in petearsitewaasje mei twa
persoanen. Besjoch de neikommende petearen:
(1a) Hasto der nocht oan?
(1b) Ik ha der eins gjin nocht oan.
(2a) Hoe wie it yn 'e tśn?
(2b) Ik fyn it kāld būten.
Yn (1a) freget immen wat oan in oar.
Yn (1b) jout de oar andert. Itselde jildt foar it twapetear yn (2). Gjinien fan
beide sprekkers jout eksplisyt oan dat it net om in oanhelling fan in oar giet.
It seit ommers himsels yn dizze gefallen dat wat de sprekker seit foar rekken
fan himsels is . It soe sels raar wźze as de sprekker hjir eksplisyt oanjoech
dat er net in oar oan it sitearjen is. Soe er dat yn (1-2) al dwaan, lykas yn
(3-4), dan is dat nuver:
(3a)
Hasto der nocht oan?
(3b) Ik sis / ha sokssawat (fan):
Ik ha der eins gjin nocht oan.
(4a) Ik freegje dy (fan): Hoe
wie it yn 'e tśn?
(4b) Ik sis / ha sokssawat /
anderje dy (fan): Ik fyn it kāld būten.
De skeanprinte frazen wurde ornaris
net sein. Se representearje ymplisite kennis dy't wy ha oer wa't śtspraken
lykas yn (1-2) foar syn rekken nimt. De sprekker praat foar himsels, om it sa
mar te sizzen. Ik sil sinnen lykas yn (1) en (2) om foar de hān lizzende redenen
oantsjutte as de ymplisite rede.
1.2. Direkte rede
In sprekker kin lykwols ek letterlik
of sabeare letterlik rapportearje wat immen sein (tocht, field) hat. Besjoch de
sinnen hjirūnder, dźr't in sprekker in konversaasje rapportearret dy't er mei
syn baas hie:
(5a)
Myn baas freget my: "Hasto der nocht oan"?
(5b) Ik sis / ha sokssawat (fan):
"Ik ha der eins gjin nocht oan".
(6a)
Sy frege Ed: "Hoe wie it yn 'e tśn?"
(6b) Ik hearde Ed sizzen /
anderjen fan: "Ik fyn it kāld būten."
De skeanprinte frazen meitsje ūnder
oaren eksplisyt foar waans rekken datjinge is wat folget. Yn (5b) makket de
sprekker eksplisyt dat er sels de "ik" is fan de oanhelling. De
oanhelling is in direkte rede. Yn (6b) is de oanhelling foar de rekken fan Ed.
Fan dy gefolgen is de "ik" yn de oanhelling net de sprekker dy't (6b)
uteret, mar Ed. Wy moatte dus ūnderskied meitsje tusken de ik dy't de sprekker
is, en de oare ikken dy't yn oanhellingen sprekkend ynfierd wurde. Om dy twa
ikken te ūnderskieden sil ik it ha oer de sintrale ik, de sprekker, en de oare
ikken. Allyksa ūnderskiede wy de sintrale do en de oare dowen.
It skaaimerk fan de direkte rede is
dat in sprekker sprekkend ynfierd wurdt. It jout eksplisyt oan wa't in
"ik" yn de oanhelling is. Faak is dat in oarenien as de sprekker yn
it hjir en no. It kin lykwols ek deselde wźze. Yn dat gefal rapportearret in
sprekker oer himsels. Dat wie yn (5b) al sa. Besjoch ek ūndersteande sin:
(7a) Hy wol dan dat it wurk foar
trijen klear is.
(7b) Ik ha sokssawat fan: dat
is ūnsin, it kin ommers net.
Hjir is sprake fan in
"hy". De sprekker rapportearret letterlik of sabeare letterlik oan de
harker wat er op dat stuit fūn. Hy docht dat eksplisyt troch de skeanprinte
fraze te brūken. Soks is hjir yn oarder om't der earder yn it ferhaal, yn (7a),
ek rapportearre wurdt oer in oar, de "hy" yn it ferhaal. De
eksplisitearring, de skeanprint yn (7b),
synjalearret in oergong nei in oare persoan, yn dit gefal nei de
sintrale sprekker sels, oer wa't rapportearre wurdt. Yn dit gefal hie it ek mei
in ymplisite rede ta kinnen, lykas hjirūnder dien is:
(8a) Hy wol dat it wurk foar trijen
klear is.
(8b) Dat is ūnsin, it kin ommers
net.
Yn dizze sin is net mear eksplisyt
oanjūn foar waans rekken de (b)-sin is. Dy is net hielendal ekwivalint mei (7b).
De skeanprint yn (7b) soarget derfoar dat de tiid fan it oardiel yn de
ferheljende kontekst leit, dus yn it ferline. By (8b) ha wy te krijen mei in
oardiel dat no jildt, en wy nimme oan, troch de ferheljende kontekst, dat de
sprekker dat doe ek fūn. De sinnen komme dus wol op itselde del, mar fia oare
wegen, krekt sa't "de twadde planeet rekkene fan de sinne ōf" en
"Venus" op itselde delkomme. By de direkte rede kin wat sein wurdt,
foar rekken fan in oar as de sprekker wźze, en dat wurdt gauris eksplisitearre
mei in fraze lykas "X sei fan" of "Y hie sokssawat fan" en
sa mear.
1.3. Yndirekte rede
De yndirekte rede is te ferlykjen
mei de direkte rede (foar de yndirekte rede yn it Frysk, sjoch Van der Meer
1988). In opfallend ferskil mei de direkte rede is dat alle oare ikken as de
sintrale ik en alle oare dowen as de sintrale do yn de yndirekte rede omset
wurde nei de tredde persoan. Sjoch mar:
(9a) Ed sei: Ik meitsje se
kāld.
(9b) Ed sei dat er se kāld
meitsje soe.
(10a) Ik sei: Ik meitsje dy
kāld.
(10b) Ik sei dat ik him / dy
kāld meitsje soe.
Hjir is te sjen hoe't by in
omsetting fan direkte nei yndirekte rede de ik, in net-sintrale ik, feroaret yn
in hy (er). Yn (10a) befettet de oanhelling in sintrale ik; dy bliuwt bewarre
by omsetting nei de yndirekte rede yn (10b). Wy witte net oft de do (dy) yn
(10a) de sintrale do is of net. As it de sintrale do (dy) is, bliuwt it dy yn
(10b); as it in net-sintrale do (dy), moat er yn (10b) omset wurde nei him.
1.4. Oergong nei direkte rede is in
radikale oergong
De oergong nei de direkte rede is in
eilān foar foaroppleatsing. Besjoch de neikommende sinnen:
(11a) Wa sei Ed dat er - kāld
meitsje soe?
(11b) * Wa sei Ed: ik meitsje -
kāld? [noat 2]
De oergong nei de direkte rede yn
(11b) makket it ūnmooglik en helje in fraachwurd śt de sin dy't Ed seit nei
foaren ta, wylst dat yn de (a)-sin wol kin.
Allyksa is der by in yndirekte rede
negative polariteit mooglik oer de singrins hinne, mar net by in direkte rede:
(12a) Niemand had gedacht dat Bob
ook maar iets zou winnen
(12b) * Niemand had gedacht,
"Bob zal ook maar iets winnen" [noat 3]
Yntuļtyf leit it ek wol yn de rede
dat de oergong nei de direkte rede in sterke grins is. Ommers, de wurden ik en
do kinne nei de oergong nei in direkte rede in hiele oare betsjutting ha as
derfoar, lykas wy sjoen ha. By de yndirekte rede is de ferbining tusken beide
sinnen folle sterker as by de direkte rede. It neikommende foarbyld jout oan
dat by de omsetting fan de direkte nei de yndirekte rede net allinnich it
persoanlik foarnamwurd oanpast wurde moat, mar ek de tiid fan it tiidwurd yn de
bysin, en sels ek wolris it tiidwurd yn de haadsin, lykas yn it foarbyld
hjirūnder:
(13a) Hy sei "wa hatsto
sjoen?"
(13b) Hy frege wa't ik sjoen hie
Der is folle mear te fertellen oer
de ferskillen tusken direkte en yndirekte rede, mar dat is net it doel fan dit
artikel. Fan belang is lykwols dat de oergong nei in direkte rede in radikale
oergong is, dy't syntaktyske prosessen lykas foaroppleatsing blokkearret. By in
yndirecte rede is dat net sa. Ik wol it no ha oer in markearder fan benammen de
direkte rede, dy't yn de ōfrūne jierren tige de guit krigen hat: nammentlik it
wurdsje fan. Yn seksje 2 sil ik earst sjen litte dat it wurdsje fan
gauris foarkomt by de direkte rede, en dat
de resultearjende fan-sin yn allegear syntaktyske funksjes
foarkomme kin; dźrnei besprek ik koart de ālderdom fan de konstruksje foar it
Frysk, mei't it om in konstruksje giet dy't dochs frijwat resint de guit krigen
hat.
2. Oer fan as markearder fan
de direkte rede.
2.1. Fan as markearder fan direkte
reden
Yn in artikel yn It Beaken (Hoekstra
2005) ha ik wiisd op in pear syntaktyske skaaimerken fan sprutsen taal śt it
Korpus Sprutsen Frysk. [noat 4] Ien fan dy skaaimerken is it foarkommen fan it
wurdsje fan as markearder fan de direkte rede, in ding dźr't Jarich
Hoekstra (1990) earder foar it Frysk al op wiisd hie en Verkuyl (1976) foar it
Hollānsk. Ik helje efkes in stikmannich foarbylden śt Hoekstra (2005) oan as
yllustraasje, dźr't fan yn ūnderstreke is:
(14) No ik hie wol dagen dat ik tink
fan [Jezus wat giet dat langsum] en no ja flean ik der trochhinne.
(15) Mar der binne ek boeken dan
tinksto fan [ik moat eefkes al al dy ferhalen trochnimme ofsa. Kin dat
net by de moandei stean?]
(16) En ... dat tocht ik al fan
kin dy man net earder ōfsizze.
(17) En eh no yn it begjin wie
iderien fan eh dan moatte we no ek geef prate.
(18) Ik hie wol sokssawat fan
no de poėzie dat dy wie yn 15 16 jier net oan bar west"
(19) Mar ja troch dy persoan waard
ik wer belle want ach Fryslān is ek sa lyts ju fan moat ik it no dwaan
of net.
(20) En dan op it lźst dan hiest sa
echt fan wat moat ik no dwaan. Koest dy noch ferfele ...
(21) Dat wie dan noch wer dy Q. N.
fraach ek fan eh wat no as ik boven de 30 bin mar ik skriuw iets wat
beslist foar bern is.
(22) No ynienen kaam Z. oan fan
dat parseberjocht moat fuort
De fan-sin komt yn allegear
grammatikale funksjes foar. It kin in direkt objekt wźze lykas yn (14-16), it
kin it predikaat by in keppeltiidwurd wźze lykas yn (17), it kin it komplemint
by in haadwurd wźze lykas yn (21) en it kin in bywurdlike bepaling wźze lykas
yn (19) en (22).
2.2. Alderdom fan fan
Vecht (2003) hat mei korpusūndersyk
foar it Nederlānske 'van' sjen litten dat it brūken derfan as markearder foar de
direkte rede tusken 1975 en 1993 frijwat tanommen is. [noat 5] Opmerklik genōch
ha ferlykbere markearders fan direkte rede ek yn oare talen de lźste desennia
de guit krigen (Foolen 2001, 2006). De Ingelske markearder fan direkte rede is
bygelyks "like", dat him in protte mei it keppeltiidwurd keppelje lit
(Tagliamonte en Hudson 1999 en oaren):
(23) And then he was like
"Oh shut up".
Hoewol't van, en nei alle
gedachten ek fan, fral yn de tachtiger jierren de guit krigen hawwe,
kamen se earder inkeldris ek wolris foar. Foar it Frysk ha ik in tal
nijsgjirrige foarbylden fūn. Understeande sinnen komme śt de taaldatabanken
Nijfrysk en 19e-ieusk Frysk fan de Fryske Akademy (se binne foar
ūndersyksdoeleinen op de Fryske Akademy te rieplachtsjen):
(24) 1834 De lapekoer fan Gabe Skroar E. Halbertsma, J.H.
Halbertsma
In doe sei
it alde wyfke fen "hoarre, hoarre", in doe se thues kaem wier
de baerg yn 'e scoerre.
(25) 1867 De wever fen Westerbūrren, Waling
Dykstra
Do
se efkes mei dy man praten hiene frege Simen him as hy īn dat dorp wenne, en hy
sei fen "ja."
(26) 1873 Reis nei it
sindingsfeest yn 't Oranjewāld op 'e 9de july 1873, Waling Dijkstra
Mar ik hab
it sels heard, dat de profester by 't ūtsprekken fen sīn rede sei fen
Maaike‑meui.
(27) 1925 Hamlet-Shakespeare (1925), side 30, T.E. Holtrop
Den
scil hy 't tajaen en hy seit Fen: ,,Frjeon" ef sa . . . ef ,,Ljeave
man",
(28) 1927 It Jubeljier, side 399, S.
Kloosterman
Ha!
ha! as 't lichem seit fen: pūst śt, den is der ek gjin siel mear, hune
de kweageest yn him.
(29) 1936 De kar, side 136, N.
Haisma
Mem
seit fen: ik kin net hirder
(30) 1938 De sūnde fen Haitze
Holwerda, side 35, Ulbe van Houten
Ytsen
grommele sokssawat fan "Ok soa".
(31) 1942 De gouden tried. Diel II,
side 204, W. Cuperus
hy
tinkt by him sels sahwet fen: ,,troch de brān śt 'e brān"
(32) 1942 Jelmer śt it reidhśske,
side 15, P. de Jong
"Hwet
haw ik in hūnger mem, hwet scille wy ite?"
"Det
scilst wol sjen, hear," mar heit seit fen: "Opstoofde
finsterbanken en brette hānsfodtsjes."
(33) 1943 Siderius de Granaet, side
161, Abe Brouwer
Doe't
dy ālde teapert ek noch sei fan: ,,Wy hawwe gjin winkel", doe wier
't alhiel moai west.
(34) 1946 It Freark Jabiks folk,
side 90, P. Akkerman
Auke
grommele sahwet fen: ,,Hy heart hjir to wźzen".
(35) 1962 De śtfanhuzer, side 119,
G. Abma
Wylst
er him śtliet, fielde Selis him fier by syn maet binefter en bitocht dat hy nou
ek mei
forhalen
komme moatten hie fan "myn baes sei, mar ik tocht...", fan
"en sit my dźr in frommes
by
śs op kantoar..."
(36) 1963 De Smearlappen, side 71,
Anne Wadman
Fokke
bromde ferachtlik, sokssawat fan: donderje dan mar op.
(37) 2005 De Brek, side 98, G. Abma
Wy
wiene net fan, in oare tsjerke is like goed.
It lźste foarbyld is oars in
foarbyld dat yn it Hollānsk net mooglik liket te wźzen. Dat betsjut dat de
ūntjouwing fan fan yn it Frysk as markearder fan de direkte rede in
ūntjouwing is dy't ta in hichte ūnōfhinklik fan it Hollānsk plakfūn hat; ofwol,
der sit noch wol safolle libben yn it Frysk dat it eigen idioom oanmakket dat
yn it Hollānsk net bestiet.
Yn de skriuwtaal wurde fan-sinnen
dus al earder as de tachtiger jierren fūn, at se, neffens Vecht, behoarlik yn
it oanwinnen binne. Men mei oannimme dat se yn de sprektaal frekwinter west ha,
mei't it ommers in sprektalige konstruksje by śtstek is. Foar it Hollānsk
besteane sels wol āldere foarbylden as foar it Frysk (Hoekstra 2006).
It falt op dat de āldste foarbylden
foaral foarbylden binne fan hiele koarte uterinkjes lykas: "ja",
"ok soa" of in fźste formule lykas "hoarre hoarre" en
"troch de brān śt de brān". Folsleine sinnen komme letter pas, de
earsten by Kloosterman (1927) en Haisma (1936). Fansels kinne der noch āldere
foarbylden boppe wetter komme, mei't ik net mear as in stekpriuwke śtfierd ha.
3. Syntaktyske eigenskippen fan fan.
3.1. Komplemint fan fan is semantysk besjoen gauris
in proposysje
Wobbe de Vries (1911-1912: 158-160)
wiist derop dat it komplemint fan fan gauris in ellips is, dat wol
sizze, ien of mear konstituļnten mei de betsjutting fan in sin (proposysje)
dźr't de persoansfoarm mist.
(38a) Het is niet bekend wie het
gemaakt heeft maar ze denken van Hendrik in geen geval.
(38b) Ik vrees van niet.
(38c) En ik lees van Tienstra.
De proposysjes dy't it komplemint
fan fan śtmeitsje, soene lykas hjirūnder ūnder wurden brocht wurde
kinne:
(39a) van Hendrik in geen geval =
dat Hendrik het in geen geval gemaakt heeft
(39b) van niet = dat dat niet het
geval is
(39c) van Tienstra = dat er Tienstra
staat
As wy de sinnen yn de foarige seksje
nochris bydel geane, dan sjogge wy dat it komplemint fan fan gauris in
proposysje is. Wobbe de Vries jout krekt gjin gefallen dźr't op fan in
folsleine, net-elliptyske sin folget. In foarbyld fan him dat der noch it
tichtste bykomt is it neikommende:
(40) Je moet zeggen van dank je.
Mar "dank je" is dan wol
in folsleine sin, mar it is ek in fźste formule. It liket derop dat it
foarkommen fan folsleine sinnen by fan in resinte ūntjouwing is. Mar dy
is wol mooglik makke trochdat fan al hiel lang elliptyske sinnen, dat
likegoed proposysjes binne, by him ha koe. Wy seagen niis yn de Fryske
foarbylden ek al dat de āldste foarbylden foaral elliptyske uterinkjes en fźste
formules binne. De earste folsleine sinnen ha wy pas fūn yn de tweintiger en
tritiger jierren by Haisma en Kloosterman.
3.2. Wurdsoarte fan
Neffens Jarich Hoekstra (1990) soe
it in bynwurd wźze. Syn argumint is dat fan net mei it bynwurd dat
foarkomme mei, omdat it sels al in bynwurd is. Probleem is lykwols dat dy
obstrewaasje net doocht, lykas de ūndersteande sinnen sjen litte:
(41) Dźr
hie M. noch sa'n ferhaal oer fan eh dat it sa spitich wie dat Hylke Goainga
noait
krigen
hie.
(42) It
is dus noch net sa fan dat jim ferskillende tiden ha dat jim śt skoalle binne.
Yn it Nederlānsk binne se op it
ynternet ek maklik te finen troch mei Google op van dat te sykjen. Sokke
sinnen wjersprekke ek de kleem fan Hengeveld dy't seit dat der op fan in
direkte rede folgje moat; de van dat-sinnen binne ommers yndirekte
reden. [noat 6]
Men soe fan tinken ha kinne dat fan
in ferhāldingswurd (foarsetsel) is. Mar dan soe men de sin by fan troch
in R-pronomen ferfange kinne moatte. R-pronimina binne foarnamwurden fan plak
lykas hjir, dźr en wźr. Dy wurde as pronomina by preposysjes
brūkt, lykas yn dźrfoar (ynstee fan foar dat), wźrfoar (ynstee
fan foar wat), dźroan (ynstee
fan oan dat), wźroan (ynstee fan oan wat), en sa mear.
Besjoch de sinnen hjirūnder:
(43)
a. Hij
wie fan moat ik dan geef Frysk prate.
b. * Hij
wie derfan.
(44)
a. Hy
sei fan dat it wol goed wie.
b. * Hy
sei derfan.
It docht bliken dat fan gjin
R-pronomina by him ferneart. Ik sil it brūken fan fan, dat it ūnderwerp
fan dit artikel is, hjir oantsjutte mei de term: it kwotative fan. As fan
net kwotatyf is, mei it al in R-pronomen by him ha, krekt lykas oare
prepopsysjes:
(45a) Se betichten him fan in
misstap
(45b) Se betichten him derfan
(46a) Hy tidige op in wūnder
(46b) Hy tidige derop
Dit soe derop wize kinne dat it
kwotative fan gjin preposysje is. Der binne lykwols noch oare
mooglikheden foar it mislearjen fan de test. De test ferget as needsaaklike
kondysjes net inkeld dat der in preposysje is, mar ek:
(i) dat de preposysje in suster
(komplemint) nimt
(ii) dat de suster direkt dominearre
wurdt troch de maksimale projeksje fan de preposysje
Ik stel śt dat de test mislearret
om't de suster fan de preposysje net dominearre wurdt troch de maximale
projeksje fan de preposysje, mar troch in zero-projeksje. Hjirūnder sil ik dat
śtstel fierder śtwurkje.
3.3. Syntaktyske funksje fan fan
Hoe moat de direkte rede syntaktysk
werjūn wurde? Dit is myn śtstel:
(47)
(a) De
direkte rede wurdt direkt dominearre troch in haad (Xo), net troch
in Xmax.
(b) It
haad fan dat haad is leech en it is fan de kategory N.
(c) Fan
is in Po dy't projektearret ta Po en dy't de direkte rede
(N) als komplement nimt.
Ik kin net oannimme dat fan
sels it haad is fan de kategory dy't de direkte rede werjout (direkt
dominearret), want dan soe fan sels ek ta de oanhelling hearre en dat is
net sa. As immen seit fan "dat is goed", dan seit er "dat is
goed" en net "fan dat it goed". Sa kom ik op de neikommende
struktueren śt foar direkte reden al as net ynlaat troch fan:
(48) Representaasjes fan direkte
rede
(a) [P
fan [N e [CP ...]]]]
(b) [N
e [CP ...]]]
(a) jout de struktuer as fan in
direkte rede yntrodusearret, (b) jout de struktuer as de direkte rede net troch
fan yntrodusearre wurdt. It symboal e jout oan dat it haadwurd N gjin
fonologische ynhāld hat. Yn de neikommende seksje sil ik mei feiten fan Van der
Kleij en Van Koppen (1997) sjen litte dat direkte reden yn it earste lid fan in
gearstalling mei N optrede kinne, en dat fetsje ik op as bewiis foar de
haadstatus fan de direkte rede. Dat direkte reden fan de kategory N binne, ha
ik ek bewiis foar; ik sil sjen litte dat se sels in slachte, nammentlik
neutrum, ha. Yn śs analyse wurdt in direkte rede altyd direkt dominearre troch
in N-zero, en, as fan oanwźzich is, boppedat dominearre troch in P-zero.
Ofhinklik fan jins oannimmingen
binne oare struktueren mooglik. It giet my der no benammen om en lit sjen dat
direkte reden har yn in tal opsichten hālde en drage as haden dy't maksimale
projeksjes mei mooglikerwize hiele sinnen deryn dominearje.
4. Arguminten dat direkte reden
haden binne fan de kategory N
4.1. Gjin ferpleatsing fan maksimale
projeksjes śt direkte reden
Wy ha earder al sjoen dat der gjin
ferpleatsing śt in direkte rede mooglik is. Dat feit falt daalks op syn plak,
mei't maksimale projeksjes inkeld mar śt maksimale projeksjes ferpleatst wurde
meie, sjoch seksje 1.4. Mei't de direkte rede sels in haad is, is it effektyf
ōfsletten fan de syntaktyske prosessen dźr't maksimale projeksjes by belutsen
binne. Allyksa is der gjin sprake fan negative polariteit yn in direkte rede
dy't lisinsearre wurdt troch in konstituint dźrbūten, sjoch allyksa seksje 1.4.
[noat 7]
4.2. Direkte rede komt foar as
earste lid fan gearstallings
As de direkte rede in haad is, dan
moat it ek foarkomme kinne as earste lid fan gearstallings. Dat is yndie it
gefal, lykas Van der Kleij en Van Koppen (1997) sjen litten haw (oanhelle
foarbylden hjir en op oare plakken bytiden justjes oanpast):
(49)
(a) een je-weet-wel kater
(b) de
ik-vrij-veilig-of-ik-vrij-niet campagne
(c) zo'n niemand-doet-me-wat houding
(d) de ik-zie-jou-wel-maar-jij-ziet-mij-niet
zonnebril
(e) een mag-ik-de-auto-lenen blik
(f) dat alle-remmen-los gedrag
Direkte reden hālde en drage har fan
datoangeande as haden.
4.3. Direkte rede kin yn haadposysje
fan NP (DP) stean
Van der Kleij en Van Koppen (1997)
litte ek sjen dat direkte reden yn de haadposysje fan NPs stean kinne, dus
foarkomme kinne nei wurdsjes lykas een:
(50)
a. Met een welgemeend "ik zal
je missen" nam hij afscheid
b. Na een resoluut "omdat je
van me houdt" liep hij de kamer uit
c. Ze had geen zin om nog langer
naar dat arrogante "dat doe je me niet na" te luisteren
d. Met een verontwaardigd "waar
is dat nou weer goed voor" sloeg hij de deur dicht.
Mei't de direkte rede yn de
haadposysje fan NPs stiet, meie wy mei Van der Kleij en Van Koppen (1997)
oannimme dat direkte reden fan de kategory N binne. It slachte fan direkte
reden kin ek fźststeld wurde:
(51)
a. Een drammerig "mag ik de
auto lenen" joeg hem in het harnas
b. Het klaar-voor-de-start
weerkaatste op de tribune
Se binne neutra, lykas dśdlik is śt it
wurdsje het en śt de ōfwźzichheid fan fleksje op it eigenskipswurd
drammerig. Dźrmei is evidinsje jūn foar it oannimmen fan in leech haad fan de
kategory N by de direkte rede.
5. Kategory fan fan-sinnen is
P
5.1. Fan-sinnen komme yn adverbiale
funksje foar by it tiidwurd
In fan-sin bestiet yn śs
analyse śt in sin dy't oan it haad fan adjungearre is en dźr wer in
P-zero mei foarmet. Dy P-zero (ofwol Po) dy't de direkte rede
dominearret (befettet) kin dźrnei al, sūnder sydtūken, projektearje ta maksimale
projeksje: Pmax => Po => Po + No.
De fan-sin as gehiel is dan in PP (mar mei it ferskil dat de suster fan
Po troch Po en net troch Pmax direkt
dominearre wurdt). PPs kinne yn adferbiale funksje foarkomme. Itselde jildt
foar fan-sinnen:
(52) Mar ja troch dy persoan waard
ik wer belle want ach Fryslān is ek sa lyts ju fan moat ik it no dwaan of net.
(53) Hy prate fan ik bemuoi my der
net mear mei.
(54) Dus hy hie echt sokssawat fan
no moat ik dit no dwaan
(55) Auke grommele sahwet fen:
"Hy heart hjir to wźzen".
De distribśsje fan fan-sinnen
is rūchwei itselde as de distribśsje fan PPs. Dat leit yn 'e reden as fan-sinnen
sels PPs binne.
5.2. Fan-sinnen komme nei N foar
Van der Kleij en Van Koppen (1997)
litte sjen dat fan-sinnen nei N foarkomme:
(56)
a. Een houding van "niemand
doet me wat"
b. Zo'n zonnebril van "ik zie
jou wel maar jij ziet mij niet"
c. Dat gedrag van "ik gooi alle
remmen los"
d. Met een loopje van "kijk mij
eens even stoer voorbijkomen"
e. Een motivatie van "het moet
nu eenmaal dus doe ik het maar" is niet voldoende voor deze baan
f. Zo'n air van "ik ben de
beste, ik ga jullie wel eens vertellen hoe het zit, jullie moeten naar me
luisteren", dat irriteert me mateloos.
Fan-sinnen hālde en drage har fan
datoangeande krekt as oare PP's, dy't ommers ek nei N foarkomme moatte. Fan-sinnen
kinne likemin as oare PPs prenominaal foarkomme:
(57)
a. * Een
[[van "niemand doet me wat"] houding]
b. Een
[houding [van "niemand doet me wat]]"
(58)
a. * Een
[[over voetbal] gesprek]
b. Een
]gesprek ]over voetbal]]
Dźrmei liket de PP-status fan fan-sinnen
frijwat wis te wźzen. Dat de testen yn seksje 3.2 mislearren skriuwe wy ta oan
de aparte posysje fan de suster fan de preposysje fan: dy suster wurdt
net direkt dominearre troch de maksimale projeksje fan P lykas by gewoane
preposysjes, mar it sit oan it haad P adjungearre en foarmet dźrmei wer in
P-zero. Yn śs analyse wurdt in direkte rede altyd direkt dominearre troch in
N-zero, en, as fan oanwźzich is, ek dominearre troch in P-zero.
6. Beslśt
Van der Kleij en Van Koppen (1997)
dogge har śtstel benammen om it foarkommen fan sinnen yn gearstallings te
ferantwurdzjen. Ik ha derop wiisd dat direkte reden yn it algemien as haden
sjoen wurde moatte. Dźrśt folget dat syntaktyske prosessen dy't op maksimale
projeksjes definearre binne de grins tusken in direkte rede en dźrbūten net oer
meie. It is fierder wichtich om jin te realisearjen dat in direkte rede net
samar in kategory śt de sinsyntaksis is: it is earder in kategory śt de
'petearsyntaksis'. Ommers, in direkte rede is net needsaaklik ien sin, mar kin
in rychje sinnen wźze. Yn de testen hjir jūn ha wy direkte reden fan ien sin
brūkt, mar men kin gauris in hiel ferhaal 'yn in haadposysje' ophingje. Besjoch
dit foarbyld mar ris:
(59) Een motivatie van "het
moet nu eenmaal, ik heb geld nodig, ik doe het maar, anders zit ik maar wat
thuis, al mijn vrienden hebben ook werk" is niet voldoende voor deze baan
(60) Ze zeiden van "je bent nog
jong, er is genoeg ander werk, wees niet zo futloos"
By de oergong nei in direkte rede,
hāldt de gewoane sinsyntaksis efkes op. De direkte rede wurdt as in haad
behannele, en is dźrmei ūntagonklik foar syntaktyske prosessen lykas
foaroppleatsing, negative polariteit, it foarmjen fan R-pronomina en al sa. As
haad kin de direkte rede him oppenearje yn it earste lid fan in gearstalling.
As haad kin in direkte rede ek yn in haadposysje foarkomme, nammentlik yn de
haadposysje fan in NP. De direkte rede hāldt en draacht him dan as in neutrum.
It net-transparante karakter dan de direkte rede yn de syntaksis is troch śs
relatearre oan it optreden fan de direkte rede yn 'e haadposysje fan NP troch
te postulearjen dat de direkte rede troch in N-zero dominearre wurdt.
Noaten
1 Fakploech Taalkunde, Fryske
Akademy, KNAW, Doelestr. 8, 8911 DX Ljouwert, The Netherlands, e-mail:
ehoekstra@fa.knaw.nl. Foar kommentaar op dit artikel woe ik tanksizze Siebren
Dyk en Willem Visser. Op in oar en earder artikel oer itselde ūnderwerp krige
ik kommentaar fan Siebren Dyk, Jelske Dijkstra, Jarich Hoekstra, Sytske de
Jong, Liefke Reitsma, Tryntsje van der Wal Gorter, Willem Visser, in anonime
lźzer en de oanwźzigen op de temamiddei fan it Taalkundich Wurkferbān fan 9
oktober 2004 te Ljouwert.
2. It neikommende sintype is ek noch
mooglik by direkte rede:
(i) "De man", sei Ed,
"mei it griene hier sil dy geweken nimme"
M. de Vries (2006) besprekt dit
sintype en beargumintearret dat de fraze "sei Ed" him hāldt en
draacht as in saneamde parenthetical, in elemint dat būten de reguliere
sinstruktuer stiet.
3. Ik brūk hjir Hollānske sinnen
mei't de wjergader fan it Hollānske negatyf-polźre item ook maar iets yn
it Frysk eins net bestiet, lykas de nuveraardigens fan de neikommende sin
dśdlik makket:
(i) ?? Gjinien hat ek mar eat / ek
mar wat sjoen
Yn de taaldatabank binne amper
foarbylden fan dit type te finen.
4. It Korpus Sprutsen Frysk is noch
yn wurding, en sil yn 2007 fia Ynternet iepenbier makke wurde. Foar
ūndersyksdoelen binne de transkripsjes en byhearrige lūdsbestannen no al op de
Fryske Akademy te rieplachtsjen.
5. De konstruksje mei 'van' wurdt ek
synjalearre yn Verkuyl (1976), Coppen (1994), Hengeveld (1994), Luif (1990),
Van den Toorn (1997), mar net yn Jansen (1981) en J. de Vries (2001), wurken
dy't ommers beide oer sprektaal geane. Yn de ANS is ek neat oer de konstruksje
te finen. Yn de tiid fan Jansen (1981) hie de konstruksje faaks noch net sa de
guit nommen. Van Alphen (2006) wiist derop dat in protte van-oanhellingen
negavistysk binne fan ynhāld, bygelyks kleierich of kritikerich.
6. Yndirekte reden nei fan wol
ik lykwols yn de kontekst fan in oar artikel yngeander behannelje.
7. Ik ha śtsteld dat de suster fan P
mei P wer in P foarmet. Yn hoe fier as haad-ferpleatsing śt dizze struktuer
troch de teory śtsletten is, hinget mei ōf fan de ynfolling fan jins teory fan
haadferpleatsing. Algemien wurdt al oannommen dat haden inkeld śt kompleminten
ferpleatst wurde meie. De opasiteit fan PPs en NPs dy't direkte redes befetsje
soe derop wize kinne dat dy kategoryen de status fan adjunkten ha, en net fan
kompleminten. It trochrekkenjen fan de konsekwinsjes foar de teory fan
haadferpleatsing falt būten it bestek fan dit artikel.
Bibliografie
Alphen, I. van (2006) Ik had zoiets
van 'doei'. Interactioneel sociolinguļstische aspecten van van-citaties. In T.
Koole, J. Nortier en B. Tahitu (red.) Artikelen van de Vijfde
sociolinguļstische conferentie. Eburon, Delft, 29-42.
Coppen, P.A. (1994). Zoiets als van
Victor Borge. Linguļstisch Miniatuurtje X. Neder-L 9404.01. <http://www.neder-l.nl/archieven/miniatuurtjes/940401.html>
Foolen, A.P. (2001, July 26).
Marking voices in discourse. Quotation markers in English and other languages.
Talk, Santa Barbara, 7th International cognitive linguistics conference.
Radboud Universiteit Nijmegen, net publisearre ms.
Foolen, A.P. (2006) Het
performatieve VAN opnieuw beschouwd. In T. Koole, J. Nortier en B. Tahitu
(red.) Artikelen van de Vijfde sociolinguļstische conferentie. Eburon, Delft,
163-174.
Haeseryn, W., K. Romijn, G. Geerts,
J. de Rooij en M.C. van den Toorn (1997). Algemene Nederlandse Spraakkunst.
Groningen: Nijhoff.
Hengeveld, K. (1994). Ik heb zoiets
van: 'ze bekijken het maar'. In: F.G. van Werkgem (red.) Dubbel Nederlands. 23
Opstellen voor Simon C. Dik. Amsterdam: IFOTT.
Hoekstra, E. (2005). Syntaktyske
skaaimerken fan sprutsen taal śt it Korpus Sprutsen Frysk. It Beaken 67, 1-16.
Hoekstra, E. (2006) Van als
markeerder van zinnen in de directe en indirecte rede in het Fries en
Nederlands. Net publisearre ms. Fryske Akademy, Leeuwarden.
Hoekstra, J. (1990). Hy sei fan net.
Taalsnipels 144. Friesch Dagblad 28-04-1990.
Jansen, F. (1981). Syntaktische
konstrukties in gesproken taal. Amsterdam: Huis aan de Drie Grachten.
Kleij, S. van der, en M. van Koppen
(1997) Over je-weet-wel-katers en vrij-veilig-acties. De CP in NP-constructies.
Eindopdracht A-werkgroep, docent A. Bennis. Rijksuniversiteit Leiden.
Luif, J. (1990). Zijn zinnen in de
directe rede bijzinnen? In: J.B. den Besten, A.M. Duinhoven en J.P.A. Stroop
(red.), Vragende wijs. Vragen over tekst, taal en taalgeschiedenis. Amsterdam:
Rodopi, 114-121.
Meer, G. van der (1988). 'Reported
speech and the position of the finite verb (some facts from West Frisian)'.
Leuvense bijdragen 77, 301-324.
Mulken, M. van (1999). Sloppy
citaten in gesprekken. In: E. Huls en B. Weltens (red.), Artikelen van de Derde
Sociolinguļstische Conferentie. Delft: Eburon, 325-332.
Tagliamonte, S. en R. Hudson (1999).
BE LIKE at al. beyond America: The quotative system in British and Canadian
youth. Journal of Sociolinguistics 3, 147-172.
Toorn, M.C. van den (1997).
Nieuwnederlands (1920 tot nu). In: M.C. van den Toorn, W.J.J. Pijnenburg, J.A.
van Leuvensteijn en J.M. van der Horst (red.), Geschiedenis van de Nederlandse
taal. Amsterdam: Amsterdam University Press, 479-562.
Vecht, D. (2003). De van-citatie in
de Nederlandse spreektaal. Een linguļstisch en sociolinguļstisch onderzoek.
ATW, UvA: scriptie.
Verkuyl, H. (1976). Het performatieve
van. Spektator 6, 481-483.
Vries, J. de (2001). Onze
Nederlandse spreektaal. SDU Den Haag: Uitgevers.
Vries, M. de (2006) Reported direct
speech in Dutch. Ms, University of Groningen.
Vries, W. de (1910-1911, 1911-1912).
Dysmelie. Opmerkingen over syntaxis. (Verhandeling behorende bij het programma
van het gymnasium der gemeente Groningen voor het jaar 1910-1911) (Idem,
1911-1912). Groningen: B. Jacobs.