Eric Hoekstra

Oer de datearring en it auteurskip fan “Ansck in Houck”

2006, Us Wurk 55, 48-58.

1. Probleemstelling

Johan van Hichtum is de auteur fan it Midfryske brulloftsgedicht “Woutir in Tialle”, sa't Wumkes útfûn, mei't de namme "Hichtumannus" ferfrissele is yn de earste letters fan de it lytse neiferske "Den Auctor tot die Solisten" (Wumkes 1932:240). [noat 0] By “Ansck in Houck”, lyksa in Midfrysk brulloftsgedicht, is net sa'n ferske taheakke. Brouwer & Hellinga (1935:16) konkludearje op grûn fan leksikale en tematyske oerienkomsten dat "Woutir in Tialle" en “Ansck in Houck” deselde auteur ha. Folslein wis is dat lykwols net. De auteur fan it iene stik soe ek in "betûften imitator", yn de wurden fan Brouwer & Hellinga, fan de auteur fan it oare stik wêze kinne.

Fan “Woutir in Tialle” witte wy dat it skreaun is foar it houlik fan Marco à Lycklema mei Perck van Goslinga. Op it titelblêd fan de publikaasje by Berent Arentz Boeckvercoper stiet as jier fan ferskinen 1609. Brouwer (1939:29) seit dat Lycklema yn 1615 al as troud man opskreaun stie. En yn Paasman (1998:47) wurdt te witten dien dat Marco en Perck yn 1609 tegearre in hûs kochten.

Fan “Ansck in Houck” witte wy net foar hokker brulloft as it ornearre wie. Brouwer en Hellinga (1935:16) wize lykwols op in yntertekstuele ferwizing nei de famylje Sternsee. Yn rigel 114 stiet nammentlik: “mei Sternse Ap aeck Lusin?” (Mei de Sternsee-aap ek luzen?). It is dêrom moai wis dat it brulloftsgedicht ornearre wie foar in brulloft fan 'e Sternsees.

Hokker Sternsee kin it om gean? Brouwer en Hellinga jouwe omtinken oan Carel van Sternsee, mar se neame nearne wannear't er troud is. Dat is frjemd, want se ferwize yn har ynlieding by “Ansck in Houck” (side 17, noat 27) nei Cannegieter (1902). En yn Cannegieter (1902:81 en fierder) wurde wy gewaar dat Carel van Sternsee [noat 1], berne 1551, troude mei Lucia of Luts van Cammingha yn of foar 1583. Luts wie nammentlik de erfgenamt fan it Sjaerdema-slot te Frjentsjer, dat nei it houlik it Sternsee-slot neamd waard. Yn 1583 fierde Carel as eigner fan it slot in rjochtssaak, dat doe wie er al troud. As “Ansck in Houck” foar Carel syn houlik ornearre wie, dan datearret it dus út 1583 of earder, en soe it folle âlder wêze as “Woutir in Tialle” (1609). It soe dan ien fan de âldste brulloftsstikken út de noardlike Nederlannen wêze.

 

De alternative hypoteze fan Brouwer & Hellinga is dat it stik foar de brulloft fan Bocke van Humalda ornearre wie. Dy is troch Carel van Sternsee, dy't sels gjin bern hie, as syn soan en nammedrager oannommen. Bocke van Humalda kriget in part fan de erfenis by Carel syn dea "onder voorwaarde dat hij den naam Van Sternsee zou aannemen" (Cannegieter 1902:84). Bocke syn earste frou wie ferstoarn yn 1605. Syn twadde frou wie Trijntje van Herema. [noat 2] Bocke waard op Carel van Sternsee syn begraffenis útnoege mei frou en bern (Brouwer & Hellinga 1935:17): hy wie dus wer troud. Bocke syn twadde houlik datearret dêrom út de tiid tusken 1605 en 1615. As “Ansck in Houck” foar Bocke syn houlik ornearre wie, dan datearret dat brulloftsgedicht dus út dat tiidrek.

Ik sil yn seksje 2 arguminten pro en kontra it idee jaan dat “Ansck in Houck” foar it houlik fan Bocke en Trijntje ornearre wie. Yn seksje 3 sil ik arguminten pro en kontra it idee jaan dat “Ansck in Houck” foar it houlik fan Carel en Lucia-Luts ornearre wie. Dêrby komt in wichtige tekstuele oanwizing boppe wetter pro Carel.

2. Arguminten pro en kontra Bocke

2.1. Argumint pro Bocke: houliksferzen yn de moade

In argumint foar Bocke is dat Bocke troude tusken 1605 en 1615. Dat is krekt in tiidrek dat it epithalamium ofwol houliksfers de guit kriget yn de noardlike Nederlannen, dat wol sizze, foar sa fier as it skreaun waard yn in folkstaal. Ommers, it epithalamium as sjenre bestie al sûnt de Aldheid. En mei't it humanisme oanwûn sûnt de fyftjinde ieu, waarden der ek Latynske epithalamia makke (Piepho 2002, sjoch ek Dyk 1987). Ik kom dêr aanst op werom.

2.2. Argumint pro Bocke: selde tiid as "Woutir in Tialle"

In argumint is ek dat "Woutir in Tialle" op 1609 datearre is. As wy oannimme, wat oannimlik is (sjoch ynlieding), dat de skriuwer fan "Woutir in Tialle" de skriuwer fan "Ansck in Houck" is, dan soene beide stikken rûchwei yn deselde snuorje skreaun wêze.

2.3. Argumint kontra Bocke: Bocke van Humalda skriuwt him pas Sternsee nei de dea fan Carel

Bocke van Humalda skriuwt him pas Sternsee nei de dea fan Carel. Syn houlik hat earder plakfûn. Mei't er mei frou en bern (as dy bern tenminsten út syn twadde houlik binne) op de begraffenis komt (Brouwer & Hellinga 1935:17), kin syn houlik sels in pear jier earder as 1615 plakfûn ha. It houliksstik kin dan net samar foar Bocke ornearre wêze, want dy neamt him pas Sternsee nei de dea fan Carel yn 1615, wylst it houlik in pear jier (of mear) foar dy syn dea plakfûn.

2.4. Argumint kontra Bocke: gjin taspiling op Bocke of Trijntje

It wie yn it houliksdicht wenst dat der taspilingen makke waarden op de nammen fan de twa minsken dy't trouden. of lykas Van Bork, Struik, Verkruijsse en Vis skriuwe (2002) "waarbij zo mogelijk woordspelingen op de namen van beiden uitgebuit worden". No binne der better net te witten gjin taspilingen op it houlik fan Bocke en Trijntje te finen yn "Ansck in Houck". Dêrfoaroer, lykas wy aansen sjen sille, binne der wol tekstuele oanwizingen te finen dat "Ansck in Houck" skreaun is foar it houlik fan Carel en Lucia. Boppedat befettet "Woutir in Tialle" ek taspilingen op de nammen fan it breidspear. De ôfwêzigens fan taspilingen op de nammen fan Bocke en Trijntje is in argumint tsjin it idee dat "Ansck in Houck" foar dy har brulloft ornearre wie.

3. Arguminten pro en kontra Carel

3.1. Argumint kontra Carel: houliksferzen noch net yn 'e moade

Carel troude uterlik yn 1583. Dan soe "Ansck in Houck" fan net letter as 1583 datearje. Dat is wol frijwat ier, sjoen it feit dat houliksstikken pas yn de santjinde ieu goed yn de moade komme. Dêr stiet foar oer dat it âldste Nederlânske brulloftsdicht neffens Brouwer & Hellinga (1935:7) fan 1558 datearret en wol út Gent. Dan is 1583 net sa raar.

Boppedat wint yn de sechtjinde ieu, benammen nei 1524 (Vries 1993:122), de ymmigraasje nei Fryslân ta oan. Oan de ein fan de sechtjinde ieu flechtsje in protte lju út de súdlike Nederlannen wei. Migraasje is ynearsten foaral nei Dútsklân en Ingelân ta. Migraasje nei de Noardlike Nederlannen begjint rûchwei nei 1572 op 'e gleed te kommen, as de ûnôfhinklikheidsstriid fan de Noardlike Nederlannen útein set. Willem van Oranje profilearre himsels en de Noardlike Nederlannen yn geunstige sin troch syn foarkar foar frijheid fan godstsjinst (Swart 1994: 48-49). Migranten setten har net inkeld yn Amsterdam mar ek yn Ljouwert en Fryslân del. Gilles (Aegidius) van den Rade flechtet bygelyks nei de fal fan Antwerpen (1585) nei Fryslân ta en wurdt dan de earste printer fan de krekt oprjochte Akademy te Frjentsjer (Sybrandy 2005:5-7). Troch de flechtlingen út de súdlike Nederlannen kin de moade yn houliksferzen yn Ljouwert ier de guit krigen ha.

Dêr komt noch by dat it epithalamium eins ek foar 1558, kontra Brouwer & Hellinga, wol beoefene waard, sawol yn it Latyn (Piepho 2002) as yn de folkstaal (Meder 1991, sjoch seksje 8.3.3.). Meder jout foarbylden fan houliksfeesten yn de folkstaal út de fjirtjinde ieu en letter, Piepho (2002) jout foarbylden fan Latynske epithalamia dy't by in houlik opfierd waarden.

3.2. Argumint kontra Carel: grut tiidsferskil tusken "Woutir in Tialle" en "Ansck in Houck"

As beide stikken deselde auteur ha, en as de datearring fan 1583 foar “Ansck in Houck” yn oarder is, dan soe der in grut tiidsferskil tusken de twa oerlevere stikken fan deselde auteur wêze, want “Woutir in Tialle” is fan 1609.

3.3. De lûs-Lucia ferwizing

Der sit yn "Ansck in Houck in sterke tekstuele ferwizing pro Carel. Yn de kontekst fan it ferhaal giet it om it nei bêd ta dûnsjen fan de breid. De breid beart as is se bang om nei it houliksbêd brocht te wurden. In âldfaam wol har dy bangens en dat toanielspul út de holle prate. It blykt dat de breid fan har mem leard hat om te bearen as giet se wat ferskrikliks temjitte. De âldfaam seit noch dat it net sa kwea is as de pryster wol preket. [noat 3] As de âldfaam it boadskip oerbringe wol, dat de houliksnacht wat is om nei út te sjen, net om bang foar te wêzen, dan seit se:

Mar dir wier in aad Faam / die sey / die her næt koe?
Hoe ængiste dir fen / as ws Kat finne Musin /
Of fenne SchiepinTzyies / mey Steernse Ap æck Lusin?

Mar der wie in âldfaam, dy't sei, wa koe har net:
hoe soest der bang foar wêze? Lykas ús kat fan mûzen
of fan skieppetsiis hâldt, sa hâldt de Sternsee aap fan luzen.

It argumint fan 'e âldfaam is dúdlik út de ferwizing nei de kat en de mûzen. De âldfaam neamt hieltyd gefallen op dêr't immen krekt sljocht nei wat is, en net bang derfoar. In kat is sljocht op mûzen en op skieppetsiis. De Sternsee aap is dus sljocht op luzen (Brouwer & Hellinga (1935:33). [noat 4]

Yn it niisneamde sitaat út “Ansck in Houck” komt neffens my in wurdspiling foar fan it type Goslinga/ Slings, dat wy út "Woutir in Tialle" kenne. [noat 5] Besjoch de frase mey Steernse Ap æck Lusin. Lusin is in ferwizing nei de breid Lucia - Luts. Der waarden ommers saken opneamd dêr't in persoan sljocht op is: as in kat op mûzen en op skieppetsiis. En dêrby soe hiel moai passe, lykas de Sternsee aap sljocht is op luzen - Lucia. Ik tink dat wy dêrmei in sterke tekstuele oanwizing ha dat it houliksgedicht foar Carel en Lucia ornearre wie, net foar Bocke en Trijntje. Boppedat is it no krekt in karakteristyk skaaimerk fan it epithalamium dat der in taspiling op de nammen fan it breidspear yn foarkomt.

3.4. Tematyske taspiling op Lucia

Der is ek noch in yndirekte taspiling op Lucia. “Ansck in Houck” giet oer de eangst fan in âldere jongfaam dat se gjin man mear fine sil. Dat soe in taspiling op Lucia-Luts van Cammingha wêze kinne, want dy wie al frij âld doe't se troude. Har mem, Luts Gerrolts van Herema, stoar yn 1553 (boarne: http://genealogie.buwalda.nl/), dat Lucia moat fan foar 1553 west ha. Se wie dus al tritich of mear doe't se troude.

3.5. Rouwe karakter fan "Ansck in Houck"

In ferskil tusken “Ansck in Houck” en “Woutir in Tialle” (dêr't Siebren Dyk my op wiisde) is dat “Ansck in Houck” frijwat iepentlike, bytiden rouwe, seksuele taspilingen befettet, en “Woutir in Tialle” net. In foarbyld dêrfan is bygelyks Ansck har opmerking: “Kaam Dirck ic naam hem stracx / al soer in Iel wt wijne” (“Kaam Dirk, ik naam him daalks / al soe er in iel útwine”), en, “Ick tæg mey him to Bed in spijlje Leer om Leer” (“Ik teach mei him te bêd en spile lear om lear”). De seksuele taspilingen yn it houliksdicht as sjenre nimme lykwols ôf neigeraden as de kalvinistyske tsjerke langer bestiet en him better organisearret. De tsjerke klage hieltyd mear oer ymmorele skriuwerij; dat wie ûnder oaren fan dy gefolgen dat toaniel ferbean waard om 1620 hinne sawol yn Ljouwert as yn Amsterdam. De seksuele eksplisitens fan "Ansck in Houck", ôfwêzich yn "Woutir in Tialle", soe strike mei in iere datearring fan "Ansck in Houck". [noat 6] Klachten oer sinsuer binne dan ek ôfwêzich yn "Ansck in Houck", wylst it neifers by "Woutir in Tialle" dy al sjen lit. De humanistyske frijheidsdrang stjit frontaal op de sinsuer dy't de nije en tige fitale tsjerke opleit. Troch de 17e ieu hinne fine wy dan ek ferlykbere klachten oer sinsuer, bygelyks fan Baardt yn de Latynske ynlieding by syn "Boerepraktika" (Brouwer 1960).

By einsluten strike de suver studintikoaze seksuele grappen en taspilingen ek mei it feit dat Van Hichtum in stik jonger wie doe't er "Anck in Houck" skreau (as er alteast de skriuwer wie) as doe't er "Woutir in Tialle" skreau.

4. Auteurskip fan "Ansck in Houck"

Wy witte net wannear oft Johan van Hichtum berne is. Brouwer en Hellinga dogge te witten op basis fan Romijn (1886) en Van Veen (1892) dat in Johannes Petri yn 1590 dûmny te Wytmarsum wie, yn 1606 te Itens, yn 1609 te Ysbrechtum en yn 1613 te Nijlân.

J.J. Kalma (1978a,b; 1981) hat in oare fizy as Brouwer en Hellinga (1935). Yn in nutedop docht Kalma twa ûnderskate útstellen. Foarst, de predikantgegevens dy't Brouwer en Hellinga oan ien persoan taskriuwe, binne neffens Kalma foar it neist oan twa persoanen ta te skriuwen. Twad, Van Hichtum is om 1585 hinne berne. Kalma hâldt de Johannes Petri fan 1590 dus foar in oaren ien as de Johannes Petri dy't yn 1603-1605 oan de universiteit fan Frjentsjer tahold en dy't mei wissichheid Johan van Hichtum is; Prof. Ph. Breuker (skriftlike kommunikaasje) is allyksa dy miening tagedien. Kalma (1978b) fermeldt dat Van Hichtum ûnder H.A. van der Linden (Nerdenus) in fiiftal disputaasjes ferdigene yn 1603-1605, al is der fierders gjin teologysk wurk fan him bekend.

Dus neffens Kalma (1978b) is Van Hichtum om 1585 hinne berne. Dat strykt net mei myn ûnderstelling dat "Ansck in Houck" skreaun is troch Van Hichtum yn of foar 1583 foar it houlik fan Carel van Sternsee mei Luts van Cammingha. Ik bin dan ek benijd nei de arguminten fan Kalma om te sizzen dat Van Hichtum yn 1585 berne is. Mar dy jout er net!

Oebele Vries fernijt my dat Kalma, foar it neist, ta de bertedatum 1585 komt, omdat Van Hichtum tusken 1603-1605 disputaasjes te Frjentsjer ferdigene. Kalma sil tocht ha dat studinten tusken de 18 en 20 jier wêze sille. Dêr kin men tsjinyn lizze dat studinten ek wolris âlder wêze kinne, benammen yn de roerige oergongstiid fan it begjin fan de Herfoarming doe't der in grut ferlet fan predikanten wie.

Salang as net bewiisd is dat Van Hichtum de skriuwer yn 1585 berne is, kin men likegoed ferûnderstelle dat er earder, bygelyks yn 1565, berne is. Kalma is sels ek net wis fan de bertedatum. Yn Kalma (1978b:90) hat er it oer "ca. 1585". Mar yn Kalma (1978a:408) seit er "Geb. waarschijnlijk Hichtum na 1580". Dat is al wer wat diziger as "ca. 1585", en der stiet ek nochris "waarschijnlijk" by. Dat besterket my yn it idee dat Kalma der in slach nei slacht. Mei't Kalma net oanjout wêr't syn ûnderstelling oangeande de skriuwer Van Hichtum syn bertejier op basearre is, litte wy dy ûnderstelling ynearsten bûten beskôging. In bertejier om 1565 hinne heart dêrmei ta de mooglikheden.

It is neffens my goed mooglik dat Van Hichtum op lettere leeftyd noch studearre hat. In foarbyld fan in âlde studint is in oare Johannes Petri (net de skriuwer). Dy wie yn 1583 skoalmaster te Skearnegoutum, mar studearre pas yn 1611 te Frjentsjer (Kalma 1978a:408). Studinten hoegden dus net perfoarst sa'n 20 jier te wêzen, lykas Kalma ymplisyt ha wol.

Dêr komt dit nocht by. Yn de 17e ieu moasten predikanten studearre ha (Van Lieburg 1996:67, Zijlstra 1996:134). Mar krekt yn de 16e ieu, yn de begjintiid fan de reformaasje wie dy eask noch net steld. Zijlstra (1996:125) seit dêroer (myn oersetting): "mar in pear fan de  foargongers, dy't koart nei 1580 yn funksje kamen, hiene in universitêre oplieding hân." De studearre lju wiene Roomsken dy't oergien wiene, of lju dy't oan in kalvinistyske universiteit yn it bûtenlân studearre hiene. Alle oaren wiene "idioten", oftewol, predikanten dy't net wittenskiplik oplaat wiene. Hat de skriuwer fan “Ansck in Houck” dan earder al oan in oare universiteit studearre of wie er in "idioot"? As Van Hichtum fan oarsprong in "idioot" west hat, dan soe dat ek syn a-typysk hâlden en dragen as predikant ta in hichte ferklearje: predikanten skriuwe ommers ornaris gjin ûndogenske ferzen. Mar goed, dit binne spekulaasjes, krekt as dy fan Kalma. It sil klearrichheid ha dat neier ûndersyk nedich is nei de fraach wa't de auteur fan "Ansck in Houck" en "Woutir in Tialle" wie.

5. Ta beslut

In probleem mei de datearring 1583 is dat dy sa ier is. It soe helpe as wy oantoane koene dat Van Hichtum doe al op syn minst 20 jier âld wie en, better noch, earne oan it studearjen wie . As it stik foar it houlik fan Bocke ornearre is, dan kin it datearre wurde op 1605-1615, deselde snuorje dat “Woutir in Tialle" ek skreaun is. It probleem is dan dat de tekstuele ferwizing nei Lucia-Luts-luzen net te pleatsen is, en de ferwizing nei Sternsee frijwat problematysk; in ferwizing nei Bocke of Humalda en Trijntje of Herema hie dan yn 'e reden lein. It ferskil yn brutalens (seksuele taspilingen) tussen de beide stikken is dan ek net te ferklearjen. De datearring fan “Ansck in Houck” is dus: yn of foar 1583 of 1605-1615; de yndirekte arguminten wize de kant fan 1583 út. Neier ûndersyk kin hooplik definityf útslútsel jaan.

Noaten

0. Ik betankje Oebele Vries foar diskusje en weardefol kommentaar, Paul Noomen foar diskusje en in gouden tip, en Philippus Breuker, Willem Visser, Siebren Dyk en Frits van der Kuip foar nuttige kanttekeningen en korreksjes by it artikel. De Midfryske teksten binne te finen op: http://www.fa.knaw.nl/tdb/. In ynformele transkripsje fan "Ansck in Houck" en "Woutir in Tialle" mei in ynlieding derby is te finen op: http://www.farsk.nl/temas/temas.htm ûnder it kopke "Midfrysk Goud".

1. Cannegieter meldt ek dat yn 1584 in portret fan Carel van Sternsee skildere waard. Dat portret wie op it Wiarda-hûs te Goutum, mar is letter nei it museum fan it Friesch Genootschap oerbrocht. Yn 2005 waard ik troch de Ljouwerter Krante frege om in koart ferhaal te skriuwen by trije stikken út it magasyn fan it Fries Museum. Op de gok frege ik it skilderij fan Carel van Sternsee op. Doe waard my bygeande ôfbylding fan it skilderij tastjoerd (sjoch yllustraasje). It is oanwêzich yn ien fan de depots fan it Fries Museum.

2. Herema is ek de efternamme fan dejinge dêr't de Sternsees in juridyske oerienkomst mei oangien binne yn 1552 (Edwert van Herema), neffens Cannegieter (1902:87). De oerienkomst yn namme sil tafal wêze.

3. Dy krityk op prysters is opmerklik mei't de auteur, foar it neist, sels predikant wie. Johan van Hichtum kin wat in frijtinker west ha, en it is gjin niget dat it stik anonym publisearre is. Dêr stiet lykwols foar oer dat “it is sa kwea net as de pryster preket” (Midfrysk: “It is næt hæl so quæd /Als Heer-Ome wol preeckt”) ek in steande útdrukking west ha kin. Van der Kuip wiist my der nammentlik op dat dy útdrukking as sadanich ek yn de Burmania-sprekwurden foarkomt (nr. 1011: “Tis soo quae naet as Heer Gabbe wol preecket.”).

4. Yn de Burmania-sprekwurden fan deselde tiid (1614) fine wy it neikommende sprekwurd:

385 Hij hat zijn Appe wol luwse.
hy hat syn aap goed úntluze

As betsjutting jout Van der Kuip (2003:322) “hy hat syn opgarre jild goed opmakke”. Yn de kontekst fan dizze idiomatyske útdrukking waard de lús dus mei jild en jildkrapte assosjearre. In aap, as it in persoan is, mei dus oer luzen, as dy foar jild steane. It soe faaks in taspiling wêze kinne op jildproblemen by Carel van Sternsee: hy hie syn eigen jild aardich opmakke, en no troude er, al net mear fan de jongsten, om oan jild te trouwen. Want Lucia van Cammingha brocht aardich wat yn, bygelyks it Sjaerdema-slot. Dit is lykwols in spekulaasje.

5. "Woutir in Tialle" is ornearre foar Marco à Lycklema en Perck van Goslinga Yn it gedicht komt de neikommende taspiling op de nammen fan breid en breugeman foar:

Do riepinse him ijn / in seyin / com nu Merck
Op dit moye bedste / hier is it rjuchte Perck,
Bruyck dy ghelijck in man, jo sel dy næt Slings wesse

Doe rôpen se him yn en seine, kom no Merk
op dit moaie bedstee, hjir is it rjochte Perk.
Brûk dy as in man, hja sil dy net ûntagedien wêze
(lêste regel betsjut: 'hâld en draach dy as in man, hja sil dy tewille wêze')

“Marco” wurdt “Merk”, de namme “Perck” wurdt in wurdspiling op makke mei it homonym “perk”, en de namme “Goslinga” wurdt in wurdspiling op makke mei it semi-homonym “Slings”. It tiidwurd "jin brûke" hat neffens it WFT ûnder oaren as betsjutting "zich gedragen" en "seksuele omgang met een vrouw hebben". Beide betsjuttingen wurdt hjir op doeld. Hjir, en op oare plakken, docht bliken dat Van Hichtum fan seksuele taspilingen net fij is; dat ûnderwerp lient him foar neier ûndersyk, mar falt bûten it bestek fan dit artikel.

6. Yn it album fan Habel fan Herema (Gerbenzon 1958), dat datearret fan 1578-1587, komt in frijwat skabreus ferske foar dat trochskrast is. It skabreuze ferske hie, sjoen de ynhâld fan it album, ek net op syn plak west. Dat it lykwols überhaupt opskreaun is, dus dat de auteur de mooglikheid fan sa'n skabreus ferske op dat plak úberhaupt yn him omgean litten hat, soe ik ynterpretearje wolle as in ekstra oanwizing dat it mei de sinsuer oan de ein fan de 16e ieu noch tafalt, en dat de sinzuer foaral oan it begjin fan de 17e ieu oanboazet.

Bibliografy

Biografisch Lexicon voor de geschiedenis van het Nederlandse protestantisme. (1978) Deel 1. Kok, Kampen.

Bork, G.J. van, H. Struik, P.J. Verkruijsse en G.J. Vis (2002) Letterkundig lexicon voor de neerlandistiek. http://www.dbnl.org/tekst/bork001lett01/

Brouwer, J.H. en W.G. Hellinga (1935) Ansck in Houck. Mei ynlieding en oanteikeningen. A.J. Osinga, Boalsert.

Brouwer, J.H. (1939) Woutir in Tialle. Mei ynlieding en oanteikeningen. A.J. Osinga, Boalsert.

Brouwer, J.H. (1960) Petri Baardt Friesche Boere-Practica. Osinga, Boalsert.

Cannegieter, D. (1902) Geschiedenis van Oud-Sjaerdema en Sjaerdema-Slot te Franeker en hunne bewoners naar vele bronnen bewerkt. T. Telenga, Franeker.

Dyk, S. (1987) It Midfryske brulloftsfers en de epitalamyske tradysje. Ljouwert, Fryske Akademy.

Gerbenzon, P. (1958) It album fan Habel fan Herema. Us Wurk 7, 74-78.

Kalma, J.J. (1978a) Een kerk in opbouw. Classisboek Sneek 1583-1624. Fryske Akademy, Ljouwert.

Kalma, J.J. (1978b) Biografisch Lexicon voor de geschiedenis van het Nederlandse protestantisme. Kok, Kampen, deel 1, 90.

Kalma, J.J. (1981) Een kerk in opbouw. Classisboek Bolsward - Workum 1600-1633. Fryske Akademy, Ljouwert.

Kuip, F.J. van der (2003) De Burmania-sprekwurden. Santjinde-ieuske Fryske sprekwurden ferkelarre en yn har tiid besjoen. Fryske Akademy, Ljouwert.

Lieburg, F.A. van (1996) Profeten en hun vaderland. De geografische herkomst van de gereformeerde predikanten in Nederland van 1572 tot 1816.

Meder, T. (1991) Leven en werk van Willem van Hildegaersberch (circa 1400). Dissertatie. http://members.chello.nl/m.jong9/dissertatie/00inhoud.html

Paasman, J.A. (1998) Lycklema à Nijeholt, tûke Wûnseradiel. Yn: Brouwers, Hellinga, Van der Ley, Nieuwland en Walsweer (1998) Genealogysk Jierboek 1998. Fryske Akademy, Ljouwert, 41-96.

Piepho, L. (2002) German Literary Humanism in Elizabethan England. The Case of Edmund Spenser. http://www.phil-hum-ren.uni-muenchen.de/GermLat/Acta/Piepho.htm

Romijn, T.A. (1886) Naamlijst der predikanten sedert de hervorming tot nu toe, in de hervormde gemeenten van Friesland. Friesch Genootschap voor geschied-, oudheid- en taalkunde, Leeuwarden.

Sybrandy, S. (2005) Libben en wurk fan Aegidius Radaeus, de earste printer fan de Akademy te Frjentsjer". Fryske Akademy, Ljouwert.

Swart, K.W. (1994) Willem van Oranje en de Nederlandse opstand 1572-1584. Ingeleid door A. Duke en J.I. Israel. Bezorgd door R.P. Fagel, M.E.H.N. Mout, H.F.K. van Nierop.  SDU Uitgeverij, Den Haag.

Veen, S.D. van (1892) Aanvullingen en verbeteringen van Romijn's naamlijst der predikanten in de Hervormde Gemeenten van Friesland. Friesch Genootschap voor geschied-, oudheid- en taalkunde, Leeuwarden.

Vries, O. (1993) “Naar ploeg en koestal vluchtte uw taal”. De verdringing van het Fries als schrijftaal door het Nederlands (tot 1580). Fryske Akademy, Ljouwert.

Wumkes, G.A. (1932) Paden fen Fryslân. I. Samle opstellen oant 1800. Osinga, Boalsert.

Zijlstra, S. (1996) Het geleerde Friesland - een mythe? Universiteit en maatschappij in Friesland en Stad en Lande ca. 1380-1650. Fryske Akademy, Ljouwert.